LêsteNijs

Promo film De Lofstem 100 jier

LOFSTEM NIJS

Tsjintwurdich is it hiel gewoan dat je ‘In between’ it iene as it oare binne. Meastal is dat in baan mar it kin ek wat oars wêze. De Lofstem is op dit moment ek in bytsje ‘in between’. Us jubileumjier is op 13 jannewaris úteinset mei in moaie ôftrap yn de tsjerketsjinst en op 26 jannewaris ha we in hiel bisunder optreden fersoarge tidens it gemeentelike federaasjefestival. Mei in presintaasje fan âlde foto’s en in film mei bylden fan û.o. it optreden tidens ‘Grutsk’ yn Ljouwert op de oldtimer fan Jelle Batema. Mei rippertoire en klean út de âlde doaze ha we hjir in soad tiid en enersjy ynstutsen. Mei dank oan Simon Vokkert foar de technyk en Froukje Veenstra foar de presintaasje is it in hiel moai optreden wurden! (Foto’s binne te finen op de facebookside en op de webside fan De Lofstem). No binne we dwaande mei de tarieding fan it MEGACONCERT op freed 14 juny yn de BOUMALOODS. It fielt in bytsje as ‘stilte voor de storm’.

Op it solistenkonkoers yn Garyp wie de Lofstem hiel goed fertsjintwurdige dit jier en dat hat fertúten dien: ús kwartet, Sippy Bosma, Geertsje de Jong, Wapkje van der Veer en Maaike Kingma wienen de heechste yn de 4e divisie! Lokwinske froulju! It saksofoankwintet en leerling Hessel Hempenius ha ek meidien, de risseltaten dêrfan wienen ietsjes minder mar ûnder it motto ‘meidwaan is belangriker as winnen’ ha we ús feriening goed sjen litten!

It skoalleprojekt is ôfslúten mei in leuke presintaasje foar de âlders/pakes en beppen. Seis wiken lang ha bern fan groep 6 in musykinstrumint hân fan De Lofstem om û.l.f. dosinten fan musykskoalle De Wâldsang, kennis te meitsjen mei de blaasmusyk. Trije fan dizze enthoesiaste bern geane op muzykles! Foar ynformaesje kin kontakt opnaam wurde mei klaastrynke@hotmail.com as 06 – 5102 4798. (Dit jildt net allinnich foar bern, ek folwoeksenen binne fan herte wolkom!)

De Jubileumkommisje hat it smoardrok mei de tarieding foar 14 juny, de ‘oanklaai-kommisje’ tinkt nei oar de oanklaaing fan de loods, it bestjoer fergadert al oer it jubileumkonsert yn novimber en der wurdt ek al neitocht oer it krystkonsert yn desimber. We binne wol 100 jier âld mar it brûst binnen de Lofstem; allegear aksje!!