Foarsitter

Lofstem nijs

Nei in moaie lange simmerfakânsje binne wy op 22 augustus begûn mei it ynheljen fan de âlderein. Wat foarich jier eins as in geintsje begûn tusken Annie en Maaike, is útrûn op marskes spyljen by oankomst fan de bus mei senioaren út Eastermar, Jistrum en Sumar, dy’t gesellich meielkoar op stap west hienen. Krekt sa as De Lofstem dit eartiids ek wend wie om te dwaan. We besteane net foar neat hast 100 jier!
Op snein 26 augustus ha we de huldiging fan de IFKS kampioen, it Eastermarder skûtsje, opfleure mei ús muzyk. Tongersdei 6 septimber binne we offisjeel wer begûn mei ús 1e rippetysje. En we ha it gefoel dat it no echt begjint….. de opmaat foar ús jubileumjier. Mei in nije dirigint, Jan Geert Nagel, op de bok. IT GIET OAN!!
Mar foardat it 2019 is ha we eerst op 24 novimber noch in ‘gewoan’ donateurskonsert. De trije bûtengewoane kandidaten dy’t we hjirfoar benadere ha, Herry Steegstra, Anneke Kloosterman en Jurjen Baart, ha tasein om hjiroan mei te wurken. Se mochten elk in muzykstik útsykje wat se graach dirigere wolle. De dirigint hat it ferplichte nûmer útsocht. We binne hiel benijd hoe’t de kandidaten har hjirtroch ‘slaan’ sille! Binnenkoart sille we mei har oefenje sadat se goed tared de striid oangean kinne. In deskundige sjuery bepaalt wa fan de trije de MAESTRO fan de Lofstem wurdt. Wy ha der sin oan!!
Op 30 septimber begeliedt de Lofstem de tsjerketsjint dy’t moarns om 10 oere op Klein Zwitserlân hâlden wurdt.
Yn oktober komme we wer by jo lâns om de jierlikse donateursbydrage op te heljen! Alfêst bedankt foar jim steun!!!

Trynke