Lêste Nijs

Yn de foarige koekoek stie dat De Lofstem ‘wer los’ wie…… spitergenoch hat dat net sa lang duorre. Fanwege de oprop fan minister president Rutte om foaral net yn groepen byelkoar te kommen, en omdat it doarpshûs tydlik slúten is, like it ús better om mar efkes te stopjen mei de rippetysjes.

Wat wol oerein bliuwt binne de plannen foar it nijjierskonsert! De datum 17 jannewaris sil sa as it no liket net slagje mar as we aanst wer spylje kinne dan geane we troch mei it tarieden fan it eerste LIVE STREAM konsert yn de skiednis fan De Lofstem. Steane der stikken yn stim list dy’t jim graach hearre wolle? Op de webside www.delofstem.nl kin digitaal stimd wurde. In taljochting hoecht net beslist mar wurdt wol op priis steld.

Fansels binne wy ek fan plan om mei de kommende kryst fan ús hearre te litten; wanneer, wêr en hoe is op dit moment noch net dúdlik mar sis no sels ‘wat is in kryst sûnder muzyk fan De Lofstem’.

Ek binne we drok oan it betinken hoe we dit jier Corona-proof oliebollen bakke kinne! Hjir komt binnenkoart mear nijs oer. (Lekker wurde se yn elk gefal!).